Wynhûnerace yn eare hersteld yn Nij Beets

10 okt 2015 - 11:34

Yn Nij Beets wurdt sneon in wynhûnerace hâlden. Mei dizze Whippet Straight Race is nei jierren de wynhûnesport wer werom yn de regio. Eartiids wienen der ek hûneraces op de drafbaan fan Drachten.

Whippet Straight Racing liket op de sport dy't 100 jier ferlyn ûntwikkele waard troch mynwurkers yn Ingelân foar de whippets, in lyts wynhûneras. Oer in lytse ôfstân fan in pear hûndert meter drave de hûnen tsjin elkoar.

Der hat oant de Twadde Wrâldoarloch ek in Fryske wynhûn west foar de jacht, mar doe't dy net mear nedich wie, is it ras ferlern gien. Der wurdt sneon yn Nij Beets in oprop dien oan minsken dy't noch mear witte oer de Fryske wynhûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)