Ekstra opfang flechtlingen yn Drachten

10 okt 2015 - 09:22

Yn Drachten komt in ekstra opfanglokaasje foar 200 flechtlingen, dat moat njonken it besteande azc komme. It giet om tydlike opfang, de flechtlingen kinne der trije of fjouwer moannen bliuwe. Mei-inoar wurde der dan 800 minsken opfong yn Drachten.

It COA moat de grûn foar it nije azc noch keapje, mar it kolleezje fan Smellingerlân hat oanjûn alle meiwurking te jaan as de fergunningoanfraach binnen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)