Beurs Vrouw! Experience úteinset yn WTC-Expo Ljouwert

09 okt 2015 - 20:54

De lêste beurs Vrouw! fan dit jier is freed fan start gien yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Klean, sieraden, massaazjes; neat is te gek op 'e beurs spesjaal hâlden foar froulju.

Vrouw! Experience is yntusken sa populêr, dat it no al twa kear hâlden wurdt yn ien jier. Boppedat is it in bysûndere edysje, om't nei ôfrin fan dizze beurs flechtlingen út Syrië opfongen wurde sille yn it WTC-Expo.

Trefwurden: 
Beurs Vrouw WTC Expo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)