Ljouwert azet op titel 'meast duorsume gemeente Nederlân'

09 okt 2015 - 20:17

De gemeente Ljouwert docht dit jier mei oan it Klimaatverbond Energy Battle. In wedstriid wêrby't bewenners, amtners en riedsleden oan de slach moatte om safolle mooglik stroom en gas te besparjen. Doel is om de meast duorsume gemeente fan Nederlân te wurden.

Der dogge yn totaal 19 gemeenten mei. Njonken Ljouwert dogge bygelyks ek de gemeenten Bloemendaal, Haarlem, Den Helder en Heemskerk mei. It giet yn totaal dan om 570 húshâldens. Op 5 febrewaris wurdt de winner bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)