Walfiskkaken Skiermûntseach wurde opknapt yn Amsterdam

09 okt 2015 - 18:59

De walfiskkaken op Skiermûntseach wurde opknapt yn Amsterdam. De twa kaken fan seis meter heech binne nei de oarloch troch kaptein Klaas Visser, fan de walfiskfarder Willem Barentsz, meinommen nei syn wenplak op Skiermûntseach.

De kaken steane rjochtop en binne in markant punt yn it doarp. De kaken rekken lykwols fertutearze troch waar en wyn. Se wurde kommende moannen troch in saakkundige skjinmakke en opnij yn it polyester setten. De gemeente hat dik 14.000 euro útlutsen foar dit projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)