ChristenUnie hat soargen oer gaswinning by Moddergat

09 okt 2015 - 14:21

De steatefraksje fan de ChristenUnie makket him soargen oer de gaswinning yn Noardeast-Fryslân. De fraksje komt mei de fragen nei lûden dat der yn Moddergat en omkriten skea ûntstien is troch boaiemdelgong. De partij tinkt dat de gaswinning yn it gebiet opfierd is, no't de winning yn Grinslân werom brocht is.

De fraksje wol fan de provinsje witte oft der in goed byld is fan de hjoeddeistige steat fan gebouwen en huzen en oft der in nulmjitting dien is. Ek wol de fraksje witte oft de provinsje it foech hat de gaswinning stil te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)