Sechtjin frachtweinsjauffeurs beboete by kontrôle

09 okt 2015 - 13:48

De plysje hat tongersdei by in grutte ferkearskontrôle op 'e Jouwer sechtjin frachtweinsjauffeurs beboete. De sjauffeurs sieten te lang achter it stjoer, de frachtweinen wienen te swier beladen of gefaarlike stoffen waarden net goed ferfierd.

De plysje wurke gear mei de dûane en de RDW. Se hellen 36 frachtweinen fan de A6 en de A7 en brochten dy nei it terrein fan Rykswettersteat. Dêr waarden de frachtweinen technysk kontrolearre, wylst tagelyk sjoen waard oft de papieren yn oarder wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)