Man mei mes oerfalt Poiesz-supermerk yn Frjentsjer

09 okt 2015 - 10:45

Der hat freedtemoarn in oerfal west op de Poiesz-supermerk oan de Sjaardemastrjitte yn Frjentsjer. In man fan tusken de 20 en 30 jier âld hat in kasjêre mei in mes bedrige. Mooglik hat er in jildbedrach meinaam.

De plysje docht in buertûndersyk en hat ek Burgernet ynskeakele. Minsken wurde frege út te sjen nei in man mei blond hier en in lange swarte jas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)