Ljouwerter drankrider foar de twadde kear trappearre

09 okt 2015 - 07:32

In 23-jierrige drankrider út Ljouwert is yn de nacht fan tongersdei op freed oanhâlden. De begjinnende bestjoerder waard op de Hollanderdyk oan de kant setten. Ut in blaastest die bliken dat hy fierstente folle drank op hie.

Ek die bliken dat hy al earder foar itselde fergryp oanhâlden is. De man moat him dêrom foar de rjochter ferantwurdzje.

Trefwurden: 
drankrider Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)