Spesjaal tiidskrift foar tsien jier Museum Belvédère

09 okt 2015 - 07:21

Museum Belvédère yn Oranjewâld komt fanwege it tsienjierrich bestean mei in spesjale edysje fan syn keunsttiidskrift. Dy is bedoeld foar bern. In keunstneresse hat in grut tal topstikken ferwurke yn tsien kleurige akwarellen. It binne sykplaatsjes wurden, dêr't bern dy topstikken op fine moatte.

Dy platen steane yn it blêd, de akwarellen sels wurde útstald yn it museum. Yn de hjerstfakânsje meie bern oant tolve jier fergees nei Belvédère en kinne se nei de topstikken speure.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)