Plusklasse foar yntelliginte bern Tytsjerksteradiel

08 okt 2015 - 22:25

Tytsjerksteradiel krijt in skoalklasse foar bern út de groepen 7 en 8 fan de basisskoallen dy't hiel goed leare kinne. Sy krije fan nije wike ôf alle woansdeis les op skoallemienskip Singelland yn Burgum.

It giet foarearst om tolve bern. Neist dat se in spesjaal programma folgje sille, krije se de beskikking oer in iPad. Doel is dat de learlingen ekstra lesstof oanbean krije, dy't se op de eigen skoalle net hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)