Gjin grutte opkomst by ynformaasjejûn asylsikers Wolvegea

08 okt 2015 - 20:09

Sa'n 65 minsken binne tongersdeitejûn ôfkaam op in ynformaasjejûn oer de húsfesting fan asylsikers yn in leechsteande skoalle yn Wolvegea. It giet om tolve gesinnen mei in ferbliuwsfergunning, dy't op syn meast fiif jier yn de skoalle bliuwe sille. Allinne omwenners dy't mei in brief útnoege wienen foar de gearkomste, mochten deryn. Der wiene sa'n 150 brieven ferstjoerd.

In tal bewenners fan de Sportleane, dy't gjin útnoeging krigen hienen, mocht dêrtroch net by de gearkomste wêze. Sy wienen dêr lulk oer. Op de ynformaasjejûn joech boargemaster Van Klaveren in taljochting op de tydlike bestimming fan de âlde skoalle. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)