Berging brêgedek Alphen aan den Rijn foarspoedich ferrûn

08 okt 2015 - 17:32

De berging fan it brêgedek yn it sintrum fan Alphen aan den Rijn is tongersdei foarspoedich ferrûn. It ûnderdiel fan de Koningin Julianabrug is mei trije hyskranen omheech takele en werombrocht op it ponton. Om acht oere moarns is it bergingsbedriuw úteinset mei de wurksumheden. Dat moast allegear stadichoan en tige foarsichtich om't de risiko's grut binne. Ut foarsoarch binne dêrom omwenners evakuearre. As de berging klear is, sil it brêgedek nei BSB Staalbouw fearn wurde.

Yn Sumar sille spesjalisten de skea analysearje en sil BSB it brêgedek reparearje. As de skea tafalt kin it brêgedek opnij brûkt wurde.

Trefwurden: 
brêgedek BSB Staalbouw
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)