Nij fabryk It Hearrenfean sil molkpoeier foar Sina meitsje

08 okt 2015 - 16:31

Op It Hearrenfean is tongersdei de earste peal slein foar wer in nije suvelfabryk, diskear fan it bedriuw Oranje Nutrition. Dêr sil molkepoeier makke wurde foar lytse poppen yn Sina. It giet om in ynvestearring fan 25 oant 35 miljoen euro. Dat jild komt út Sina fan grutoandielhâlder Anhui Fortune Investement. Oranje Nutrition wie earder klant fan Ausnutria Hyproca, dat eefkes fierderop in grutte fabryk bout.

Mei-inoar binne der no fiif suvelbedriuwen aktyf op it eardere Ynternasjonale Bedriuweterrein op It Hearrenfean

Yn earste oanset jout it nije fabryk wurk oan sa'n tolve minsken. Dat binne foaral wurknimmers út Sina, mar geandewei krije ek minsken út de omjouwing in kâns.
As alles goed giet, moat it tal wurknimmers groeie nei sa'n 60 minsken. Der is lang oan wurke troch de gemeente Hearrenfean om it bedriuw binnen te heljen. Dêrfoar binne gemeentebestjoerders ek nei Sina reizge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)