Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

08 okt 2015 - 14:27

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Under grutte belangstelling is juster de Tinderboekenweek fan start gien. Tsientallen brûkers fan de dating-app troffen elkoar yn biblioteken en boekwinkels. Dêrby waard ek it Tinderboekenweekgeschenk útdield. Foar de measte Tinderaars wie it foar it earst om elkoar as groep byelkoar te sjen, en neffens de organisaasje is dat no krekt it doel fan de wike, dy't duorret oant en mei 18 oktober. Yn it Tinderboekenweekgeschenk kinne bledsiden nei links en nei rjochts omslein wurde.

Smookklup Nico & Tine is úteinset mei de aksje 'Fucktober'. Hûnderten smokers hawwe har yntusken al oansletten by de aksje, dy't as doel hat om yn oktober troch te gean mei it opstekken fan sigaretten. Neffens Nico & Tine is de hjerst in perioade wêryn't minsken gau depressyf wurde kinne, en is it belangryk om soargje te kinnen foar wat ûntspanning. De klup fan smokers seit dat 'in stikje ferslavingsbelibbing' dêrby heart en wol de hiele moanne trochgean mei 'Fucktober'.

Yn Ljouwert wie ôfrûne wykein in soad animo foar de oktoberfesten. Winkelpublyk luts de festen massaal oan. Foaral de oktoberfesten fan C&A lykje populêr te wêzen en bepaalden sneon it strjitbyld. Neffens de organisaasje fan de oktoberfesten spilet it waar in belangrike rol yn it súkses. No't it te kâld is om yn t-shirt te rinnen en te waarm foar de winterjas, is dizze tiid fan it jier ideaal foar de oktoberfesten.

Sport. Sepp Blatter is de bêste kandidaat om by SC Hearrenfean oarder op saken te stellen. Dat mient de etyske kommisje fan de fuotbalklup. Blatter soe mei al syn ûnderfining gau dienmeitsje kinne mei de ûnrêst yn SC Hearrenfean. It stichtingsbestjoer fan de klup wol fan Jelko van der Wiel ôf, mar hat offisjeel noch net in opfolger oanwiisd. No't de etyske kommisje lykwols mei Blatter oansetten komt, leit it yn de rede dat de Switser in serieuze kandidaat is. Neffens de kommisje hat Blatter njonken ûnderfining, fakmanskip en yntegriteit noch in belangrike kwaliteit: hy fertoant uterlik in aardige gelikenis mei in romrofte âld-foarsitter fan sportklup Hearrenfean.

Ferkear. Rykswettersteat start hjoed mei eksperiminten mei ûnsichtber asfalt tusken Winsum en Wytmarsum. Earder waarden al proeven dien mei stil asfalt, mar it foardiel fan ûnsichtber asfalt is dat it better opgiet yn it lânskip. Automobilisten op de N359 kinne tusken Winsum en Kûbaard by hektometerpeal 14.6 troch de iepensteande hikke it lân fan boer Willemsma ynride en dêr de rûte folgje dy't oanjûn wurdt troch skiep mei in blauwe stip op de rêch."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Trefwurden: 
De Toan fan Bart Kingma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)