Griente en fruit 'mei ôfwiking' tenei nei Voedselbank

08 okt 2015 - 12:46

Itensbanken yn Fryslân krije tenei grienten en fruit fan túnkers yn de provinsje. It giet om iten dat oars weismiten wurde soe, omdat it bygelyks in ôfwikende foarm of maat hat. Mei sok iten is neat mis.

De provinsje hearde fan inselde inisjatyf yn Noard-Hollân en hat it fierder oppakt foar Fryslân. Twa kwekers yn Sint-Anne binne de earsten dy't sokke grienten en fruit beskikber stelle. Sy hawwe ek al in romte fûn dêr't it guod kuolle wurde kin. It is de bedoeling dat mear túnkers it foarbyld folgje sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)