Boete foar opstokeljen tsjin moslims op facebookside PVV

08 okt 2015 - 11:33

In 62-jierrige frou út Drachten moat in boete betelje fan 350 euro fanwege opstokeljen (opruiïng) op de facebookside Steun de PVV. De frou hat nei oanlieding fan in berjocht yn de Telegraaf oer brânbommen op Sweedske moskeeën, oanset ta geweld tsjin moslims, sa oardielet justysje. Meardere minsken en organisaasjes diene oanjefte tsjin de útlittings op de facebookside.

Nei ûndersyk troch justysje hawwe acht minsken ferspraat oer it hiele lân in boete krige. De frou út Drachten is ien fan harren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)