Mear huzen ferkocht, mar se binne ek djoerder wurden

08 okt 2015 - 11:05

It tal wenningferkeapen yn Noardwest-Fryslân is yn de simmermoannen mei hast 45 persint omheech gien. Yn de rest fan de provinsje is it tal ferkochte huzen ek folle heger as yn deselde perioade ferline jier. Dat docht bliken út nije sifers fan makelersferiening NVM. Gewoanwei binne de simmermoannen frij rêstich, mar dit jier leit dat oars. De priis fan 'e huzen is ek omheechgien. Sa wurdt yn it noarden fan de provinsje tusken de 6 en 9 persint mear betelle as in jier ferlyn. Yn it suden is dat tusken de 3 en 6 persint.

Tekoart oan makelers

Benammen yn Ljouwert is it tal wenningferkeapen de ôfrûne moannen bot omheech gien. Dat komt ûnder oare omdat der hieltyd mear jonge minsken nei de stêd lûke. Ek wurdt de huzemerk wer sjoen as in goeie ynvestearring en dêrby giet it benammen wer om huzen yn de stêd, sa seit NVM-foarsitter Albrecht Kok. Neffens Kok hawwe Fryske makelers it yntusken sa drok dat der mei koarten fakatueres ûntstean sille. Dy fakatures opfolje wurdt noch in probleem. "Yn de krisisjierren binne in soad makelers ûntslein. Dy hawwe yntusken wer oar wurk fûn en it is mar de fraach oft se wer werom wolle. Ek komme der op dit stuit net genôch nije makelers fan de oplieding, dus der sil in tekoart oan makelers ûntstean." sa seit Kok.

Nije 'bubbel'

De huzeprizen geane dan wol omheech, mar dat betsjut net dat der no like folle betelle wurdt foar in hûs as foar de krisis. De gemiddelde huzepriis leit noch altyd sa'n 13 persint achter op it nivo fan 2008. Neffens Kok sil de priis noch fierder omheech gean. Sa bot sels dat in nije 'bubbel' driget. Op oare plakken yn ús lân is de priis alwer sa bot omheech gien dat huzen boppe de merkwearde ferkocht wurde. It giet dan benammen om huzen yn Amsterdam, Haarlem en de rest fan de Rânestêd. "Sa mâl giet it hjir no noch net, mar we moatte der wol om tinke", sa seit Kok.

Trefwurden: 
huzeferkeap NVM
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)