Slaanderij by minderjierrige asylsikers yn Ljouwert

08 okt 2015 - 10:56

Yn in opfangtehûs foar allinnichsteande minderjierrige asylsikers (ama's) yn Ljouwert hat woansdeitejûn fjochterij west. De plysje hat seis jonges fan 14 oant 16 jier oanhâlden. Se hiene spul krige en wiene begûn te houwen. Begelieders besochten de rûzje del te bêdzjen en warskôgen ûnderwilens de plysje. Doe't dy by de Maagdepalm oankaam, hâlden de fjochtersbazen op.

Seis jongeren moasten mei nei it plysjeburo. Sy sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
asylsiker slaanderij AMA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)