Ynbraak yn tankstasjon, trije fertochten oppakt

08 okt 2015 - 07:19

De plysje hat tongersdeitemoarn twa ynwenners fan Nieuwegein fan 24 en 27 jier, en in 23-jierrige man út Rhenen oanholden foar stellerij. De trije hiene ynbrutsen by in tankstasjon oan de Trynwâldsterdyk yn Gytsjerk. Dêr besochten se in grutte partij sigaretten mei te nimmen.

De plysje krige in melding fan de ynbraak en gie mei meardere auto's nei it tankstasjon. De ynbrekkers wiene doe al útnaaid. Ien fan de plysjes seach in man yn in auto stappen. Hy ried fuort en negearre in stopteken. De auto koe yn Ljouwert oan de kant set wurde.

De trije manlju binne oppakt en fêstset. It is noch ûndúdlik oft se ek echt wat stellen hawwe. Der is de ôfrûne wiken faker ynbrutsen yn tankstasjons yn Fryslân. De plysje siket noch út oft de trije fertochten dêr ek ferantwurdlik foar binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)