Boargers spoare boeven op mei help fan twitter en facebook

07 okt 2015 - 22:43

De oefening 'Boef in de wijk' yn Wolvegea is slagge. Neffens de plysje binne de boargers de eagen en earen fan de plysje. Der moat lykwols folle mear gebrûk makke wurde fan sosjale media, lykas twitter en facebook, om saken te melden dy net doge. Woansdeitejûn waard der foar de earste kear yn Fryslân oefene.

Tweintich boargers hienen harren opjûn om mei twitter en facebook boeven op te spoaren. De plysje sette it sinjalemint fan de boef op twitter en facebook, sadat de minsken yn de wyk de dieder opspoare koenen. En dat slagge goed.

Doel is om dizze oefening op tal fan oare plakken yn de gemeente te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)