Maresjesee befestiget gebrûk reekpotten by Lauwerseach

07 okt 2015 - 19:52

De maresjesee befestiget dat definsje ferline wike tongersdei by Lauwerseach reekpotten brûkt hat yn in oefening. Op de dyk by Lauwerseach fûn doe in deadlik ûngelok plak. In echtpear út Roden kaam dêrby om it libben.

De plysje gong der earder fan út dat tichte mist de oarsaak fan it ûngelok west hat, mar no docht bliken dat definsje dêr op itselde momint reekpotten brûkt hat. De plysje ûndersiket noch oft de reek in rol spile hat by de deadlike oanriding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)