Bestjoer SC Hearrenfean ferdield oer Sineeske kwestje

07 okt 2015 - 18:28

By de deistige lieding fan Sportklup Hearrenfean binne se it net iens oer hoe't se mei de mooglike Sineeske ynvestearders omgean moatte. Omrop Fryslân krige in mail fan ien fan de direksjeleden fan Hearrenfean, Ben Takkenberg, mei in parseberjocht út namme fan de folsleine one-tier-board. Mar Jelko van der Wiel, Wim Dijk en Hans Vonk binne hielendal net op de hichte fan dat parseberjocht.

Yn de mail stiet dat Hearrenfean moaie kânsen sjocht en hoewol't der noch neat besletten is, Hearrenfean graach prate wol oer mooglike sponsoring.

Neffens Takkenberg is de mearderheid fan de one-tier-board it iens mei it parseberjocht. It one-tier-board bestiet fierder út Egon Diekstra, Jaap Schuurmans en Geert-Pieter Vermeulen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)