Man falt troch dak by wurk oan pleats yn Sint-Jabik

07 okt 2015 - 16:54

By wurk oan in pleats yn Sint-Jabik is in man ferwûne rekke. De man wurke op it dak en is dêrby troch ûnbekende oarsaak troch it dak fallen. Neffens de berjochten is hy op in souder telâne kommen en moast er dêr mei in heechwurker fan de brânwacht weihelle wurde. Dêrnei koe hy oerbrocht wurde nei it sikehûs.

De man soe net yn libbensgefaar wêze.

Trefwurden: 
fal dak Sint-Jabik pleats
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)