Wolvegea lit statushâlders yn Bornego College wenje

07 okt 2015 - 16:52
Yn de âlde skoalle wiene as lêste flechtlingen ûnderbrocht - Foto: Google Maps

Yn it eardere gebou fan it Bornego College yn Wolvegea komme asylsikers mei in ferbliuwsfergunning te wenjen. Dizze saneamde statushâlders wenje no noch yn in asylsikerssintrum. It giet om tolve gesinnen dy't nei Wolvegea komme.

Troch dizze ferhuzing nei de âlde skoalle ûntstiet der wer romte om flechtlingen yn in azc op te fangen. De omwenjenden binne per brief op de hichte brocht. Tongersdeitejûn is der in ynformaasjegearkomste foar de omwenners.

(advertinsje)
(advertinsje)