Gamma Snits ûntromme nei falske bommelding

07 okt 2015 - 16:02

De Gamma oan de Einsteinstrjitte yn Snits hat woansdeitemiddei hast twa oeren ûntromme west yn ferbân mei in bommelding. De melding kaam krekt foar trijen middeis binnen by de plysje. Dy gie der fanút dat it falsk alarm wie, mar naam gjin risiko en liet dochs in spesjalist nei Snits komme.

Nei hast twa oeren wie it ûndersyk klear en binne de ôfsettings wer fuorthelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)