Plysje nimt yllegale fûken fan fiskers yn beslach

07 okt 2015 - 16:01

De plysje hat de ôfrûne dagen op twa plakken yllegale fûken yn beslach naam. By in 79-jierrige Ljouwerter waarden tsien fûken fûn. In 50-jierrige ynwenner fan de gemeente Frjentsjerteradiel hie 47 fûken op syn hiem. Dêr fûn de plysje ek netten en yllegaal fongen fisk en krab.

De plysje hat de bisten en it materiaal yn beslach naam, dat jildt ek foar de fûken fan de Ljouwerter. Beide krije noch in boete oplein.

Trefwurden: 
fiskers fûken boete plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)