De Rottefalle is no better beskerme tsjin wetteroerlêst

07 okt 2015 - 15:49

De Rottefalle is tenei better beskerme tsjin wetteroerlêst. Wetterskip Fryslân hat woansdei de eardere polder De Boppeste feestlik oplevere as opfang foar wetter. It eardere lânbougebiet is in natuergebiet wurden mei in soad gerslân foar greidefûgels.

Tagelyk mei de ferbettering fan de wetterhúshâlding hat it Wetterskip in fûgelskerm, wetterboartersplak en in kuierpaad oanlein. De kosten fan 1,3 miljoen euro binne ferdield oer it Wetterskip, provinsje en de gemeente Smellingerlân.

Bern fan groep 7 van basisskoalle De Finne fan De Rottefalle mochten in ynformaasjeboerd ûntbleatsje by it nije útsjochpunt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)