SC Hearrenfean akseptearret straf foar Te Vrede

07 okt 2015 - 14:19

SC Hearrenfean en Mitchell Te Vrede akseptearje it skikkingsfoarstel fan de oanklager KNVB. Dit betsjut dat Te Vrede fjouwer wedstriden útsletten is, wêrfan ien ûnder betingst. Hy krijt de straf foar syn oandiel yn in fjochtpartij by it útduel tsjin Heracles Almelo.

Te Vrede mist troch de straf de kompetysjeduels tsjin syn âlde klup Feyenoord en Willem II en de bekerwedstryd tsjin Helmond Sport. Hy is wer ynsetber by de thúswedstryd tsjin SC Cambuur op 1 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)