Pipernutewinkel yn Ljouwert is no al in súkses

07 okt 2015 - 13:38

De pipernutewinkel Van Delft is in grut súkses yn Ljouwert. In soad minsken kamen woansdeitemoarn al nei de iepening fan de winkel oan de Nijstêd om in pûdsje tiramisu-, boskbei- of truffelkanielpipernuten te keapjen. Dit is de earste winkel fan pipernutefabryk Van Delft út Harderwijk yn Fryslân. Dêr binne mear as fyftich ferskillende soarten te keap.

No't de ferkeap sa goed giet, moast it personiel woansdei al wer by bestelle foar de kommende dagen.

It Harderwijker bedriuw woe noch efkes ôfwachtsje oft sy takom jier wer in winkel iepenje sille yn Ljouwert, mar sa't it no liket sit dat der wol yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)