Sineesk jild leit klear foar SC Hearrenfean

07 okt 2015 - 09:03

In part fan it bestjoer fan SC Hearrenfean wol yn see gean mei de grutte Sineeske ynvestearringsmaatskippij Beijing Successful Investment Management (BSIM). Dat meldt de Ljouwerter Krante. De Sinezen soene 23 oant 35 miljoen euro stekke wolle yn de klup.

In oar part fan it bestjoer - ûnder oare foarsitter Jelko van der Wiel en kommersjeel bestjoerslid Wim Dijk - wol har net weagje oan in Sineesk aventoer. De saneamde "Sneker groep" stiet wol iepen foar de miljoenen út Sina.

BSIM operearret benammen yn Sina en Afrika en wol ûnder oare fia proffuotbal foet oan 'e grûn krije yn Europa.

Lês hjir de brief fan de Sinezen oan SC Hearrenfean en it antwurd fan foarsitter Van der Wiel

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)