Ynbrekkers trappearre yn bedriuwsgebou yn Ljouwert

07 okt 2015 - 08:09

Twa ynbrekkers binne tiisdeitenacht trappearre yn in bedriuwsgebou oan de Jelsumerstrjitte yn Ljouwert. De plysje krige melding fan in ynbraakalarm en wie gau teplak. In 38-jierrige man út Ljouwert en in 37-jierrige man út Grins wiene noch yn it gebou oanwêzich en koene pakt wurde.

It guod dat se stelle soene, is yn beslach naam. De eigener sil woansdei oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
ynbrekkers ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)