Pear hûndert minsken op ynformaasjejûn oer AZC yn Dokkum

06 okt 2015 - 20:03

In pear hûndert minsken binne tiisdeitejûn ôfkaam op de ynformaasjejûn oer it nije AZC yn Dokkum. Yn sintrum De IJsherberg wurde de belangstellenden bypraat oer de plannen fan de gemeente en it COA om op 'e nij in AZC op te rjochtsjen. Dit moat op itselde plak komme dêr't earder ek asylsikers opfongen binne, oan de Parkleane.

De bedoeling is dat der plak komt foar maksimaal 600 minsken. Dokkum hat earder fan 1996 oant 2006 in AZC hân.

Neffens feslachjouwer Wytse Vellinga dy't by de jûn oanwêzich is, is der diskusje oer it oantal asylsikers dat nei Dokkum komme moat. Der binne twifels oft 600 net tefolle is. Minsken meitsje har soargen oer de feilichheid.

Neffens it COA smyt de komst fan it AZC tsientallen banen op foar de regio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)