Brânbrief nei Den Haach oer nije fosfaatregeling foar boeren

06 okt 2015 - 19:50

De provinsje Fryslân hat mei noch seis oare provinsjes (Grinslân, Drinte, Noard-Brabân, Noard- en Súd-Hollân en Seelân) in brânbrief nei Den Haach stjoerd oer de nije fosfaatregeling. Meikoarten wurdt der in beslút naam oer maatregels om de útstjit fan fosfaat safolle mooglik te beheinen.

Dat is nedich om't boeren nei it ôfskaffen fan it molkkwotum mear kij hawwe en dus ek mear dong en fosfaat oerhâlde. De bestjoerders wolle graach dat de minister rekken hâldt mei hoefolle grûn de boeren hawwe.

Hoe mear grûn in boer hat, hoe mear fosfaat er útstjitte mei, is de opstelling fan de provinsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)