Tûke masine foar sortearjen garnalen yn ynnovaasje top 100

06 okt 2015 - 18:12

Stielbedriuw De Boer RVS út Makkum hat in masine ûntwikkele foar it sortearjen fan garnalen. It bedriuw stiet dermei yn de MKB Ynnovaasje top 100 en is it heechste Fryske bedriuw op dizze list. De masine soarget der mei in scanner foar dat by it fiskjen de goede garnalen oerbliuwe.

Dit is neffens it bedriuw hiel duorsum om't de byfangst binnen in minút werom de see yn kin en fierder libje kin. It bedriuw ferwachtet dat der ek fanút it bûtenlân in soad belangstelling foar komt.

Yn de takomst wol De Boer RVS ek in masine meitsje foar it sortearjen fan fisk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)