Supporters SC Hearrenfean: "bestjoer moat opstappe"

06 okt 2015 - 16:03

Supporters fan SC Hearrenfean easkje dat it bestjoer fan de fuotbalklup opstapt. De fans, dy't ûnder de namme 'Wij zijn Heerenveen' operearje, binne al in skoft ûntefreden oer de lieding fan de Feansters.

Twa wiken lyn hat de groep supporters ek al spandoeken ophongen by it Abe Lenstrastadion. Der stie ûnder oaren op "Clubbelang boven eigen belang". De supportersgroep is it mear as sêd dat der nei jierren fan ûnrêst wer minsken binne dy't miene dat se belangriker binne as de klup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)