Beneaming Bert van der Hoek by De Friesland tsjinhâlden

06 okt 2015 - 14:38

De Nederlandse Bank hat de beneaming fan Bert van der Hoek as nije topman fan fersekerder De Friesland tsjinhâlden. Dat skriuwt de webside foar soarchmanagers Skipr. De Nederlandse Bank kontrolearret sûnt 2011 oft bestjoerders fan soarchfersekerders betrouber en geskikt binne. Van der Hoek soe te lang net yn de soarch wurke hawwe om geskikt te wêzen. Van der Hoek is dêrom op 1 oktober earst begûn mei in wiidweidich opliedingstrajekt binnen de soarchfersekerder.

Steven Hofenk hat tydlik de lieding oer de soarchfersekerder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)