Gjin ynbraken mear yn Sint-Nyk troch alarm-whats-app

06 okt 2015 - 11:58

It alarm-whats-app yn Sint-Nyk wurket. Al moannen is der net mear ynbrutsen yn it doarp. Dat seit foarsitter Siemen Zijlstra fan de wurkgroep Veiliger Sint-Nyk.

Mei whats-app-groepen kinne ynwenners op 'e tiid op 'e hichte brocht wurde, as der wat is. De alarmgroep yn Sint-Nyk waard yn maart oprjochte. Elke buert hat in behearder dy't whats-app-berjochten pleatse kin, as der wat is. De oaren binne dan wach troch it nijs en hâlde de boel yn de gaten.

Trefwurden: 
what's-app alarm ynbrekkerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)