"Reekpotten definsje mooglik oarsaak deadlik ûngelok"

06 okt 2015 - 11:30

It deadlik ûngelok fan ferline wike tongersdei by Lauwerseach is mooglik feroarsake troch reekpotten fan definsje. Dat seit de boargemaster fan de gemeente De Marne yn Grinslân tsjin RTV Noord.

By it ûngelok kaam in echtpear út Roden om it libben. Der waard hieltyd útgien fan tichte mist as oarsaak. No docht bliken dat definsje op datselde momint in oefening op it militêre terrein by Lauwerseach hâlde. Definsje koe noch net sizze oft by dy oefening yndie reekpotten brûkt binne.

RTV Noord: Rookpotten Defensie genoemd als mogelijke oorzaak dodelijk ongeluk Lauwersoog

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)