Oerlis oer fierdere ynset wetterpompen by mûzepleach

06 okt 2015 - 10:51

De bestriding fan mûzen mei wetter hat by in soad boeren net ôfdwaande west. Guon hoeken lân binne dreech ûnder wetter te setten. Dêrtroch binne in soad mûzen yn libben bleaun. Dy rûnen reedlik gau wer yn greiden om dy't earder ûnder wetter set wiene. Drege plakken binne bygelyks hûskavels tichtby in pleats dêr't net genôch wetter beskikber is.

De ynset fan pompen soe in oplossing wêze kinne, mar dat is frij djoer. Der wurdt no nei in oplossing socht mei Wetterskip Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)