Skoalbern Berltsum krije les yn gefaren yn it ferkear

06 okt 2015 - 10:21

Op twa skoallen yn Bertsum krije de bern tiisdei les yn ferkearsfeiligens. Op De Fûgelsang en Lyts Libben komt in sjauffeur mei frachtwein del. Hy wiist de bern yn de hegere klassen op de gefaren fan in deade hoeke.

Alle bern, útsein de groepen 1 en 2, krije foarljochting oer fytsferljochting. Dat is in inisjatyf fan de Lichtmobile Brigade fan de ANWB. Twa pleatslike fytsmakkers en de ôfdieling Berltsum fan Feilich Ferkear Nederlân dogge dêroan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)