Opknapt beurtskipke fan Aldegea wurdt stjerresjochskip

06 okt 2015 - 08:44

It âlde beurtskipke Sint Michaël yn Aldegea yn Smellingerlân is hast klear. It skip wurdt op de werf Van der Werff yn Drachten ûnder hannen naam troch learlingen fan skoalle De Friese Poort en frijwilligers. It izerwurk en de diselmotor binne al klear. Fan 'e wike is der noch wurk te dwaan oan de elektrisiteit.

It doel is om mei de Sint Michaël ûnder oare stjerretochten te hâlden. It skip giet dan nachts it wetter op mei gasten om ûnder lieding fan minsken fan de Folksstjerrewacht yn Burgum nei de stjerren te sjen.

Mei de Sint Michaël waard eartiids guod ferfierd fan Aldergea nei Ljouwert en werom. Dat barde twa kear yn 'e wike. Yn Fryslân wiene eartiids wol twahûndert beurtskippen. Dêr binne no net folle mear fan oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)