Winkelstrjitte de Skrâns yn Ljouwert krijt karmerk

05 okt 2015 - 22:02

Winkelstrjitte de Skrâns yn Ljouwert hat moandei in karmerk Veilig Ondernemen krigen. Undernimmers hawwe ôfspraken makke mei gemeente, plysje, brânwacht en oare organisaasjes om it winkelgebiet skjin en feilich te meitsjen en te hâlden.

De Ljouwerter binnenstêd hat al langer sa'n karmerk, en dat wurket goed. Ien fan de gefolgen is wol dat saken as winkelstellerij him dan ferpleatse nei de gebieten dêr omhinne. Ek dêrom fine ûndernimmers oan de Skrâns it fan belang hjiroan mei te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)