Motorrider DIFDD fertelt

06 apr 2012 - 12:53

Gerkeskleaster-Strobos makket him op foar in nije ôflevering fan Doch it foar dyn doarp. Tongersdei waard de útstjoering flak nei it begjin stillein, doe't twa motorriders yn byld mei-inoar yn botsing kamen en net fuortendaliks dúdlik wie hoe slim harren ferwûnings wiene.

Nei oerlis is besletten om freed dochs fierder te gean mei de útstjoering, mar dan yn oanpaste foarm. Gerkeskleaster-Strobos wol it ûngelok net de ein fan har programma wêze litte. Ien fan de trije ferwûne motorriders sil yn it programma syn ferhaal dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)