Sven Kramer optimistysk oer nij reedrydseizoen

05 okt 2015 - 20:42

Reedrider Sven Kramer is klear foar it nije seizoen. De basis is goed, sa sei er moandei by de ploegepresintaasje fan LottoNL-Jumbo yn Utert. Ferline jier starte Kramer noch mei in achterstân oan it seizoen, om't er noch herstelde fan in operaasje oan de luchtwegen. Dizze simmer hat Kramer gjin tsjinslaggen hân. De earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen is ein oktober yn Calgary.

Kramer hat noch in kontrakt foar ien jier by LottoNL-Jumbo. Hy sil yn de rin fan dit jier sjen oft er dat ferlinge sil. Kramer lit witte wol hiel trefreden te wêzen oer de ploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)