Oanlis nije tunnels by de Werpsterhoeke úteinset

05 okt 2015 - 18:30

Oan de súdkant fan Ljouwert is dit wykein úteinset mei de oanlis fan twa tunnels ûnder it spoar troch. Ien fan de tunnels is foar autoferkear, de oare foar fytsers. It giet om ûndertrochgongen by de Werpsterhoeke.

Hast sechstich minsken hawwe it ôfrûne wykein wurke oan it projekt. Yn dy dagen is de fundearring foar de tunnels oanlein. Dêrfoar moasten de damwanden yntrille wurde. Dit soarge foar lûdsoerlêst yn de nijbouwyk Techum. Troch it wurk wie der ek gjin treinferkear mooglik. Takom foarjier wurde de tunnels sels pleatst.

Trefwurden: 
tunnel Werpsterhoeke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)