Twadde omfallen kraan Alphen aan den Rijn opromme

05 okt 2015 - 17:05

Bergers hawwe moandei de twadde kraan opromme yn Alphen aan den Rijn. Begjin augustus foelen twa kranen en in brêgedek yn Alphen op in tal huzen. Der rekke ien persoan lichtferwûne, mar de skea is grut.

It brêgedek is makke troch BSB Staalbou yn Sumar. Dat bedriuw wie tegearre mei oannimmer Mourik ferantwurdlik foar it ynstallaasjewurk fan de nije brêge yn Alphen. No't de twa kranen fuorthelle binne, is de ferwachting dat it brêgedek woansdei oprêden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)