Alle útkaarten derby SC Hearrenfean - SC Cambuur útferkocht

05 okt 2015 - 16:23

De útkaarten foar de derby tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur binne útferkocht. Snein 1 novimber reizgje 1200 Cambuur-supporters nei it Abe Lenstra Stadion en dêrmei sit it útfak fol.

De kaartferkeap starte sneontemoarn, mar de earste fans stienen nachts al te wachtsjen oant de kassa iepengie. SC Hearrenfean-fans kinne fan freed ôf kaartsjes keapje foar de earste Fryske derby fan it seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)