Aksje fan sjauffeurs Klomp foar haadkantoar yn Ede

05 okt 2015 - 12:56

Sa'n 80 sjauffeurs fan ferfiersbedriuw Klomp fiere moandei aksje by it haadkantoar yn Ede. Klomp fersoarget yn Fryslân it groepsferfier fan soarchgroep Alliade. De sjauffeurs út Fryslân en oare dielen fan it lân easkje dat it lean tenei op tiid útbetelle wurdt.

Klomp hat de kontrakten neffens it fakbûn FNV iensiedich oanpast, wêrtroch de sjauffeurs te min lean krije soene. As Klomp dochs net nei de sjauffeurs harkje wol, dan stapt it fakbûn nei de rjochter. Neffens Minke Jansma fan it FNV is de maat foar de sjauffeurs no fol.

Trefwurden: 
klomp aksje Ede sjauffeurs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)