Epke Zonderland tefreden oer optreden by ynterlân

05 okt 2015 - 11:44

Turner Epke Zonderland sjocht tefreden werom op syn prestaasjes ôfrûne sneon. Op Twitter skriuwt Zonderland dat it boppe ferwachting goed gie op de WK kwalifikaasjewedstriid yn Hoofddorp. Zonderland is snein wer bykommen en giet moandei 'rêstich' fierder mei de opbou, neidat hy in pear wike lyn in harsenskodding oprûn by in fal.

Sneon kaam de turner foar it earst mei in oanpast programma wer yn aksje. Hy die foaral mei om sjen te litten dat hy fit is foar it WK yn Glasgow. Bûnscoach Mitch Fenner makket dizze wike de seleksje bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)